Hjirby biede wy jo de kadernota 2027-2030 oan. Mei it fêststellen fan dizze kadernota jouwe jo rjochting oan de kaders dêr't it kolleezje de begrutting foar 2027 binnen tariedt.
In kadernota mei in beliedsearme fokus
Krekt lykas ferline jier is der sprake fan in kadernota mei in beliedsearme fokus. Dy finansjeel hoedene ynstek is rjochte op it befoarderjen fan struktureel en reëel lykwicht, dêr't de gemeentlike lesten net ûnnedich folle by omheechgean. It kolleezje hâldt dêrby de hân op 'e knip en foeget gjin nij belied ta. Yn de kadernota binne allinnich foarstellen opnaam dêr't it kolleezje fan fynt dat dy ûnûntkomber en net út te stellen binne.
Finansjele posysje stiet mearjierrich ûnder druk
De ôfrûne kolleezjeperioade is sichtber wurden dat ús mearjierrich finansjeel perspektyf ûnder druk stiet. Dat wurdt ek sichtber yn it net-struktureel slutend wêzen fan ús begrutting. Dat de begrutting noch net mearjierrich slutend is, hat twa belangrike oarsaken:
• Der is bliuwend ûnwissichheid oer de hichte fan de ynkomsten út it ryk wei. Sa hat it ryk noch gjin ekstra middels foar jeugd beskikber steld foar 2028 en fierder. Ek wurdt ûndersyk dien nei in oare bekostiging fan de jeugdtaken mei yngong fan 2029.
• Wy hawwe as gemeente in ambisjeuze ynvestearringsaginda. Op 17 febrewaris 2026 hawwe wy de gemeenteried de mearjierrerûzing 2029-2040 stjoerd, mei bygeande begeliedende brief, dêr't ús ynvestearringsaginda mearjierrich yn trochrekkene is. Dy ynvestearringen liede ta oprinnende kapitaallêsten dêr't dekking foar nedich is.
Troch de no oanbeane kadernota feroaret it mearjierreperspektyf en sjogge wy dat ús begruttingssaldi mearjierrich fierder ûnder druk komme te stean. By de begrutting 2026 seagen wy noch in perspektyf fan plus € 3,6 miljoen yn 2027. Dat saldo sil op basis fan de hjoeddeistige ynsichten mei dizze kadernota omleechgean nei € 1,6 miljoen en dêrmei sil de begrutting foar 2027 nei ferwachting noch slutend wêze. Dêrby hawwe wy ús ynvestearrings-aginda by de tiid brocht en safolle as mooglik sjoen nei it sprieden fan de ynvestearringen oer de werklik ferwachte rintiid.
Bystjoermooglikheden yn byld, mar efkes rêstich oan
It is in gegeven dat der altyd ûnwissichheid is oer de beskikbere middels út it ryk wei en dat wy dêr net folle ynfloed op útoefenje kinne. Wol riede wy ús ta op dy ûnwissichheid. Ferline jier binne der yn 'e mande mei de gemeenteried ombûgingsmooglikheden yn byld brocht en binne meardere maatregels al trochfierd. Der is in maatregelbondel beskikber fan meardere maatregels, dy't brûkt wurde kin om by te stjoeren.
Dêrneist is yn de begeliedende brief by de mearjierrerûzing 2029-2040 rjochting de gemeenteried oanjûn dat der meardere 'knoppen' binne dêr't oan draaid wurde kin. Dat binne ûnder mear it ynvestearringsfolume beheine (troch te skrassen, te ferleegjen of te temporisearjen), of troch ta te wurkjen nei in (struktureel) posityf begruttingsresultaat. Wy hawwe doe de ried yn oerwaging jûn om net fuortendaliks in kar te meitsjen en pas nei de koälysjeûnderhanneling yntegrale beliedsynhâldlike karren te meitsjen.
Ferfolchstappen rjochting de begrutting 2027
Wy advisearje jo dizze kadernota fêst te stellen. Yn de begrutting kinne jo op basis fan it komplete finansjele byld, ynklusyf de finansjele effekten fan de koälysjeûnderhannelingen, dizze kadernota en de earder ophelle ombûgingsmaatregels, karren meitsje oft en sa ja hoe't jo de begrutting (mearjierrich) struktureel slutend meitsje wolle.
Mei dizze kadernota bestindigje wy de besteande koers. Dy koers sil tegearre mei de ambysjes út it koälysjeakkoart wei de basis wêze foar ús folgjende begrutting. Sa is dizze kadernota in momint fan ikerjen tusken 'koers en ambysje'.
Drachten, 30 juny 2026
Boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân,
Fred Veenstra Siebren van der Berg
boargemaster sekretaris