Achte ynwenners fan Smellingerlân, leden fan 'e gemeenteried,
Mei-inoar bouwe wy oan in gemeente dêr't ynwenners, ûndernimmers en besikers noflik wenje, wurkje, ûndernimme en ferbliuwe kinne, no en yn 'e takomst. Wy kieze derfoar om fierder te bouwen oan de fyzjes en plannen dy't earder troch de ried fêststeld binne, wylst wy ús tagelyk tariede op karren dy't nedich binne foar in finansjeel sûne takomst.
Understeande begrutting 2027 en de mearjierrerûzing 2028-2030 litte sjen hoe't wy dêr stap foar stap ynfolling oan jaan wolle. It is de earste begrutting fan ús kolleezjeperioade, dêr't de besteande koers út de kadernota Tusken koers en ambysje yn gearkomt mei it koälysjeakkoart Mei-inoar sterk foar Smellingerlân. Yn dizze begrutting lêze jo de ambysje(s), de doelen en hoe't dy bekostige wurde.
Ambysje gemeente Smellingerlân
Mei-inoar bouwe wy oan in sterk en takomstbestindich Smellingerlân. Wy wurkje oan in gemeente dêr't ynwenners, ûndernimmers en maatskiplike partners de romte krije om mei te dwaan en inisjatyf te nimmen. Mei in oantreklike leefomjouwing, goede foarsjenningen, in sterke ekonomy en in belutsen oerheid kreëarje wy brede wolfeart foar hjoeddeistige en takomstige generaasjes. Dêrby meitsje wy bewuste karren om ek op de langere termyn finansjeel sûn te bliuwen.
Binnen ús maatskiplike opjeften hawwe wy dy ambysje oerset yn meardere programma's. Wy jouwe koart oan wêr't wy by elk programma op ynsette en ferwize graach nei de fierdere begrutting foar it folsleine byld:
Tsjinstferliening
Ynwenners, ûndernimmers, ferieningen en (maatskiplike) organisaasjes moatte rekkenje kinne op in gemeente dy't berikber is, dúdlik kommunisearret en meitinkt yn oplossingen. Dêrom kieze wy foar tsjinstferliening dêr't de minsklike maat yn sintraal stiet: persoanlik wêr nedich, digitaal dêr't it kin en altyd begryplik en tagonklik.
Wêr sette wy yn 2027 op yn:
- Dúdlike en begryplike kommunikaasje en goede berikberens.
- It aktyf belûken fan ynwenners en organisaasjes by plannen en dêrby yn 't foar dúdlik wêze oer ferwachtingen. Dêrneist soargje wy foar digitaal tagonklike websiden.
- It fergrutsjen fan de cyberfeiligens en it digitale wjerstânsfermogen fan ynwenners en organisaasjes.
- In feilige leefomjouwing troch in kombinaasje fan sichtbere hanthavening, previnsje, gearwurking en in doelfêste oanpak fan kriminaliteit en oerlêst.
- De gemeenteried wurket fierder oan it fersterkjen fan de kaderstellende, kontrolearjende en folksfertsjintwurdigjende rol. Better sichtber wêze fan de ried foar ynwenners, ferieningen, ynstellingen en ûndernimmers, it ferbreedzjen fan de kennis fan riedsleden en fraksjefertsjintwurdigers en in adekwate advisearring en stipe fan de folksfertsjintwurdiging troch de griffy hawwe dêrby de fokus.
Sosjaal domein
Wy ynvestearje yn besteanswissichheid, gelikense kânsen en in maatskippij dêr't elkenien oan meidwaan kin. Troch yn te setten op previnsje, sûnens, ûnderwiis en sterke mienskippen fergrutsje wy de fearkrêft fan ynwenners.
Wêr sette wy yn 2027 op yn:
- It fierder implemintearjen fan Positive Sûnens en it wurkjen oan it struktureel boargjen dêrfan binnen it Sosjaal Domein.
- It bestindigjen fan it Finansjeel Plein as fêst ûnderdiel fan ús tsjinstferliening.
- It bestindigjen fan de oanpak letterswakkens en it ûndersykjen fan nije mooglikheden om ynwenners dêrby te stypjen.
- It fersterkjen en útwreidzjen fan de oanpak Hoppa!
- It opleverjen fan it útfieringsprogramma Maatskiplike Foarsjenningen dêr't romtlike karren yn fêstlein wurde oer besteande en takomstige maatskiplike foarsjenningen op wyk-, doarps-, stedsk en regionaal nivo.
- It implemintearjen fan it útfieringsprogramma Wenjen, Soarch en Wolwêzen troch útfiering te jaan oan ferskate projekten en aktiviteiten foar wenjen, soarch en wolwêzen, yn nauwe gearwurking mei ús partners.
- It fersterkjen fan de Sosjale Basis yn ús gemeente.
Fysyk domein
Wy bouwe oan in leefbere en takomstbestindige gemeente mei genôch wenningen, in feilige en oantreklike leefomjouwing, duorsume ûntwikkeling en in sterke ekonomyske basis foar Drachten en de doarpen.
Wêr sette wy yn 2027 op yn:
- Wenjen en húsfesting is ien fan de wichtichste opjeften fan dizze bestjoersperioade. Wy soargje foar mear wenningen en mear beweging op de wenningmerk.
- Mei it Gebietsprogramma Sintrum sette wy yn op in kompakt, libben en takomstbestindich sintrum dat mear besikers, ynwenners en ûndernimmers oanlûkt.
- Wy meitsje dúdlike karren foar ferkearsfeiligens, berikberens, leefberens en paktyske mobiliteit.
- Wy kieze foar in oanpak dêr't duorsumens stap foar stap yn realisearre wurdt, mei each foar draachflak, leefberens en in sûne balâns tusken wenjen, wurkjen en lânskip.
- Foar it bûtengebiet en lânbou kieze wy foar in oanpak wêrby't leefberens, lânbou, natuer en lânskip mei-inoar yn balâns bliuwe.
- Wy begjinne mei 'Verbeter De Venen'. Yn dy earste wyk gripe wy de rioelferfanging oan om de wyk griener en sûner, feiliger en tagonkliker te meitsjen en de sosjale basis te fersterkjen.
Ekonomy
Wy ynvestearje yn in sterke en takomstbestindige lokale ekonomy. Troch ûndernimmerskip, ynnovaasje, ûnderwiis en wurkgelegenheid mei-inoar te ferbinen, fersterkje wy it fêstigingsklimaat en de brede wolfeart yn Smellingerlân.
Wêr sette wy yn 2027 op yn:
- Fersterkjen fan it fêstigingsklimaat en takomstbestindige bedriuweterreinen, mei bysûndere oandacht foar De Haven.
- Ferhastigjen fan ynnovaasje, talintûntwikkeling en ûndernimmerskip fia Campus Drachten en it Innovatiecluster Drachten.
- Stypjen fan ûndernimmers by netkongestje, ferduorsumjen en ynnovaasje.
- Fersterkjen fan it sintrum fan Drachten as ekonomysk en regionaal hert fan Smellingerlân.
- Fergrutsjen fan de ekonomyske slachkrêft troch doelfêste lobby, regionale gearwurking en in sterke posisjonearring fan Smellingerlân.
Organisaasje en bedriuwsfiering
Wy soargje foar in slachfeardige organisaasje dy't maatskiplike opjeften realisearje kin en drage by oan in finansjeel sûne gemeente. Dêrby wurkje wy effisjint, transparant en út gearwurking wei, mei each foar de útdagingen fan de kommende jierren.
Wêr sette wy yn 2027 op yn:
- De digitale transysje. Dêrby wurkje wy hieltyd tûker en better gear. Dat dogge wy ûnder mear troch it ôfrûnjen fan de organisaasjebrede útrol fan Teams. Ek sille wy fierder mei it tûk en ferantwurde ynsetten fan AI-oplossingen.
- It ôfrûnjen fan de ferbou fan it gemeentehûs yn it foarjier fan 2027. Nei it ôfrûnjen ferhúzje wy werom nei it gemeentehûs út ús tydlike wurklokaasjes wei. Dat dogge wy mei sa min mooglik fersteuring fan de tsjinstferliening oan ús ynwenners, organisaasjes en ûndernimmers.
- Nei it ôfrûnjen fan it projekt rjochtmjittigens yn 2026 leit de fokus op it fierder fersterkjen fan de ynterne behearsking. Dêrby sette wy yn op in duorsume ferankering fan behearsmaatregels yn 'e reguliere bedriuwsfiering, sadat ynterne behearsking hieltyd mear in fanselssprekkend ûnderdiel foarmet fan it deistich hanneljen en de beslútfoarming binnen de organisaasje.
Plande ynvestearringen
Ek yn de kommende jierren geane wy troch mei it doelfêst ynvestearjen yn 'e kwaliteit en takomstbestindigens fan ús gemeente. Mei de ynvestearringsaginda jouwe wy útfiering oan opjeften op it mêd fan leefberens, berikberens, duorsumens en maatskiplike foarsjenningen. De aktualisearre ynvestearringsaginda is earder opnaam yn 'e Kadernota 2027.
De wichtichste ynvestearringen dy't fan 2027 ôf yn dizze begrutting opnaam binne, binne:
- Yn De Venen begjinne wy mei de ferfanging fan de riolearring. Dy wurksumheden wurde kombinearre mei ynvestearringen yn in klimaatbestindige, feilige en tagonklike ynrjochting fan de iepenbiere romte. De opdiene ûnderfiningen benutte wy foar ferlykbere opjeften yn oare wiken.
- Wy sette fierdere stappen yn 'e tarieding en realisaasje fan in nije skoalle en multifunksjoneel sintrum De Trisken. Dêrmei ynvestearje wy yn takomstbestindige foarsjenningen foar ûnderwiis en in lokaasje dêr't ynwenners inoar moetsje kinne en maatskiplike aktiviteiten in plak krije.
- Wy ynvestearje yn 'e kwaliteit fan diken, pleinen en grienfoarsjenningen. Wêr mooglik kombinearje wy regulier ûnderhâld mei ferbetteringen op it mêd fan ferkearsfeiligens, klimaatadaptaasje en tagonklikens.
- Op basis fan de aktualisearre notysje kapitaalguod 2027-2030 ynvestearje wy yn it ferfangen en fernijen fan gemeentlike foarsjenningen, wêrûnder diken, wetter, iepenbiere ferljochting, brêgen, boarters- en sportfoarsjenningen en grien. Dêrmei hâlde wy ús iepenbiere romte feilich, brûkber en oantreklik.
- Wy begjinne mei de earste ynvestearringen út it Gebietsprogramma Sintrum. Dêrmei wurkje wy oan in oantreklik en takomstbestindich sintrum mei romte foar wenjen, moetsjen, ûndernimmen en ferbliuwen.
Wat fernimme ynwenners derfan?
Each hawwe foar moarn betsjut bytiden ek dat karren no al te fernimmen binne. Om ús foarsjenningen feilich, duorsum en takomstbestindich te hâlden, binne ynvestearringen nedich yn it rioel, wetterbehear en klimaatmaatregels. Dêrtroch nimme de wenlesten foar húshâldingen ta. De stiging wurdt benammen feroarsake troch hegere kosten foar it ynsammeljen fan ôffal, it wer folslein yn line bringen fan it taryf mei de werklike kosten en de ynfiering fan in apart wettersoarchtaryf. Alhoewol’t dy ûntwikkelingen foar ynwenners te fernimmen binne, fine wy dy ynvestearringen needsaaklik om ek op langere termyn boarch te stean foar de kwaliteit fan ús leefomjouwing en foarsjenningen.
De begrutting 2027 hat in ferwachte resultaat fan € 3,2 miljoen posityf
Nei it fêststellen fan de kadernota en it oanbieden fan it koälysjeakkoart is de begrutting fierder aktualisearre. Dêrby binne alle nije ynsichten en ûntwikkelingen ferwurke. Op basis fan dy aktualisaasje komt it ferwachte begruttingsresultaat út op € 3,2 miljoen posityf.
Dat hat in tal gruttere oarsaken. Folgjend op it riedsbeslút út 2025 oer it finansjeel op 'e nij ikerjen begjinne wy yn 2027 echt mei it tarekkenjen fan personiel oan projekten, lykas ek beneamdyn 'e kadernota.No is helder hoe grut it posityf effekt dêrfan is: foar 2027 giet it om likernôch € 2,6 miljoen. Dêrneist ferwachtsje wy troch oanpassingen yn 'e regelingen fan de opfang fan Oekraynske fan hûs en hiem ferdreaunen, asylsikers en statushâlders in foardiel foar ien kear fan likernôch € 1,7 miljoen. Fierders wurdt oanfoljend € 0,5 miljoen beskikber steld foar yntegrale wykferbettering. Dêrneist binne ferskate aktualisaasjes trochfierd mei in saldearre effekt fan € 0,5 miljoen. Wy jouwe hjirûnder op haadlinen oan hoe't ús ynkomsten en útjeften foar 2027 ferdield binne.
Mearjierrich sjogge wy lykwols dat wy in begruttingstekoart fan € 5 oant € 5,6 miljoen op te lossen hawwe. Sjoen dy prognoazes moatte wy tebekhâldend wêze wat it foar 2027 rûze oerskot oangiet. Wy kieze bliuwend foar in hoeden finansjeel behear en reservearje dat oerskot leaver foar de kommende jierren. Folgjend op wat oanjûn is yn it koälysje-akkoart wurket it kolleezje de finansjele opjefte foar de jierren nei 2027 fierder út. Begjin 2027 ynformearret it kolleezje de ried oer it proses en hoe’t de ried input jaan kin. Uteinlik resultearret dat yn in foarstel út it kolleezje wei yn ’e Kadernota 2028-2030, rjochte op in slutende mearjierrebegrutting foar op syn minst de jierren 2028 en 2029.
Mei-inoar sterk: ambysjes wiermeitsje mei each foar moarn
De begrutting 2026 hie de titel 'Trochbouwe oan de Takomst'. It kolleezje set dy ynsette line troch, wy binne mei-inoar sterk, mar wy hawwe wol 'each foar moarn' yn it wiermeitsjen fan ús ambysjes. 'Mei each foar moarn' betsjut dat wy karren meitsje dy't wearde tafoegje foar hjoeddeistige én takomstige generaasjes. Sa wurkje wy oan in gemeente dy't ek út finansjeel perspektyf wei besjoen klear is foar de takomst.
It finansjeel perspektyf is nammentlik lykas hjirboppe sketst noch slutend foar 2027, mar mearjierrich sjogge wy dat ús finansjele posysje ûnder druk stiet. Dêr komt by dat ús ynvestearringsopjefte grut is. Dêrtroch steane de finansjele kengetallen, lykas ûnder mear de solvabiliteit en de netto skuldquote, ûnder druk.
Dat ús finansjele posysje ûnder druk stiet komt mei trochdat der bliuwend ûnwissichheid is oer de hichte fan 'e ynkomsten út it ryk wei.
Finansjeel stabyl Smellingerlân
It is in gegeven dat der altyd ûnwissichheid is oer de middels fan it ryk en dat wy dêr as yndividuele gemeente net in soad ynfloed op útoefenje kinne. Fansels besykje wy dy ynfloed wol mei-inoar út te oefenjen fia de Vereniging Nederlandse Gemeenten, mar de ûnwissichheid bliuwt. It kommende jier sille wy dan ek konkrete stappen sette moatte om de begrutting foar 2028 en 2029 struktureel slutend te meitsjen. Wy hawwe ús dêr de ôfrûne jierren op taret troch yn 'e mande mei de gemeenteried ombûgingsmooglikheden yn byld te bringen en in maatregelbondel ta te rieden dy't brûkt wurde kin om by te stjoeren.
Dêrneist is der in trochkyk fan 15 jier makke nei de effekten fan de ynvestearringsaginda op neamde ratio's en binne dêr 'knoppen' by oanjûn dêr't oan draaid wurde kin om de trend te kearen. Dêrby kin ûnder mear tocht wurde oan it beheinen fan it ynvestearringsfolume troch ynvestearringen te skrassen, te ferleegjen en/of te temporisearjen.
It oanwêzige ynsicht yn de ombûchmooglikheden en de mearjierrige trochkyk op ús ynvestearringsaginda helpe om takom jier karren te meitsjen om ús finansjele posysje mearjierrich yn balâns te bringen.
Mei dy tarieding fertrouwe wy derop dat dizze begrutting foldocht oan de kaders dy't jo steld hawwe en dat it jo helpt by it fersterkjen fan jo kaderstellende en kontrolearjende rol.
Boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân,
boargemaster, sekretaris,
Fred Veenstra Siebren van der Berg