Ga naar de inhoud van deze pagina.
Jaarrekening 2025 Voorstel gemeenteraad

Bestjoerlike haadline jierstikken

Achte ynwenners fan Smellingerlân, leden fan de gemeenteried,

Smellingerlân is folop yn ûntwikkeling. Yn ‘e mande mei ynwenners, bedriuwen en maatskiplike partners bouwe wy oan in gemeente mei plak foar in elk. In oantreklike omjouwing om yn te wenjen, mei in goede wurkgelegenheid, goede foarsjennings, en mei in leefomjouwing dêr't grien, wetter, wenjen en wurkjen yn balâns binne mei de natuer.

Yn dizze jierstikken lêze jo wat wy yn 2025 berikt hawwe, hoe't wy wurke hawwe oan de doelen út de begrutting 2025 "Trochgean mei wiermeitsjen" en hokker middels wy dêrfoar ynset hawwe. Ek jouwe wy ynsjoch yn it finansjele resultaat fan it ôfrûne jier.

Ambysje en doelstellings

De begrutting 2025 stie ynhâldlik yn it teken fan in tal wichtige maatskiplike opjeften. Dizze maatskiplike opjeften binne hjirûnder per programma fierder útwurke.

Sosjaal domein

Wy fine it wichtich dat ynwenners meidwaan kinne en wolle yn de mienskip. De tema’s besteanswissigens, derta dwaan, goed fiele en derby hearre foarmje dêrby in wichtige basis. Wy stypje ynwenners hjirby.

Wy rjochtsje ús op it foarkommen fan swierrichheden yn it deistich libben fan ynwenners, troch op 'e tiid stipe te bieden en te soargjen foar goede en tagonklike help tichtby. Ynspannings binne benammen rjochte op gearwurking oangeande besteanswissigens, previnsje, soarch, jeugdsoarch en ûnderwiis. Dêrneist wurkje wy oan maatskiplik fêstgoed en ûnderwiishúsfêsting. Ek sette wy yn op hâldbere en betelbere soarch en de organisaasje fan tagong ta soarch.

Fysyk domein

Wy wurkje oan it fersterkjen fan de posysje fan Drachten as regionaal fersoargingsgebiet en as stêd foar de ynnovative makyndustry. Wy soargje foar de ûntwikkeling fan libbene, oantreklike wiken en doarpen, wêrby't wy de kwaliteit fan it bûtengebiet ek fierder fersterkje wolle. Wy rjochtsje ús dêrby op de ferbinende opjefte fan berikberens. Op it mêd fan duorsumens sette wy yn op klimaatadaptaasje, enerzjytransysje, sirkulariteit en in duorsume bedriuwsfiering.

Ekonomy

Wy ynvestearje yn in oantreklik en takomstbestindich ûndernimmersklimaat. Dat dogge wy troch de fierdere ûntwikkeling fan it sintrum, it fersterkjen fan it fêstigingsklimaat foar ûndernimmers en it takomstbestindich meitsjen fan it bedriuweterrein De Haven. Dêrby sette wy yn op duorsumens, stimulearje wy sirkulêr bouwe en wurkje wy gear mei regionale partners oan in sterke en duorsume ekonomy.

Tsjinstferliening

Wy wurkje oan tagonklike en betroubere tsjinstferliening foar alle ynwenners. Wy soargje foar heldere en berikbere kommunikaasje, mei ekstra omtinken foar ynwenners dy't minder digitaal feardich binne. Wy biede ek leechdrompelige tagong ta stipe en gemeentlike loketten. Dêrneist sette wy ús yn foar it ferbetterjen fan de feiligens en it belibjen dêrfan, sawol troch previnsje as troch hanthaving.

Wichtichste resultaten

Yn it ramt fan boppesteande ambysje en doelstellings binne wy mei ynwenners, bedriuwen en partners oan ’e slach gien. De wichtichste saken dy't wy berikt hawwe, binne hjirûnder útwurke.

Sosjaal domein

It programma Sosjale Koers is op ‘e nij besjoen. De gearwurking mei partners is ferstevige, de stjoering op projekten is ynrjochte en út de fjouwer opjeften wei is de fokus lein op acht wichtige ûnderwerpen yn it sosjaal domein. Dizze acht ûnderwerpen geane yn 2026 fia startnotysjes nei de gemeenteried.

Tagelyk binne der stappen set op it mêd fan beliedsûntwikkeling, en - útfiering: op it mêd fan besteanswissigens is “It finansjeel plein” iepene en is it inisjatyf Kânsryk Smellingerlân úteinset. Mei de plus op de M.O.S. Weiwizers is de ynset op previnsje en goede tagong fersterke. De fyzje op wenjen, soarch en wolwêzen is fêststeld en al foar in part lâne yn it programma Folkshúsfêsting. Op de transformaasje fan de jeugdsoarch is ynvestearre yn de regio en wy binne foaroprinner yn de ûntwikkelings. Gearwurking mei it fysike domein is ferstevige yn it programma wykferbettering.

Fysyk domein

Der is in soad ferlet fan betelbere en passende wennings. Sadwaande binne der op ferskate útwreidingslokaasjes en yn nije wenwiken ekstra wenningen boud. Foar it gebietsprogramma Sintrum hawwe wy ferskate oankeapen dien yn it sintrum fan Drachten. Dy oankeapen binne nedich om de takomstige ûntwikkeling mei wenten, winkels, foarsjennings en parkearen mooglik te meitsjen. It winnende ûntwerp foar it Riedhûsplein is middels in publyksferkiezing fêststeld. Yn jannewaris 2025 is swimsintrum De Welle offisjeel iepene. It swimsintrum leveret in bydrage oan de gemeentlike ambysjes foar sport en hat in regionale fersoargingsfunksje.

Foar de ferfanging fan de rioelearring yn meardere wiken yn Drachten is der nei sjoen hoe't wy dizze wurken safolle as mooglik tagelyk mei wykferbettering útfiere kinne. Om Drachten op de kaart te setten as eastlike poarte fan de Fryske Marren is der fierder wurke oan it Wetterfront Drachten en de mar by Aldegea.

Ekonomy

Yn 2025 is úteinset mei de útjefte fan 10 bunder bedriuweterrein op Azeven-Noard. Dêrneist is úteinset mei de proseduere foar útwreiding fan Nijtap. Fierder hawwe wy it gebietsprogramma De Haven fêststeld mei in takomstbestindige haven as doel. Foar de netkongestje wie in wichtich resultaat de realisaasje fan in groepskontrakt troch in groep fan bedriuwen op Azeven-Noard. Dêrtroch is der mear romte ûntstien op it elektrisiteitsnet en dêrmei ek romte foar ekonomyske ûntwikkeling yn dit gebiet.

Ek hawwe wy yn 2025 ynset op it fierder útbouwen fan de posysje fan Drachten as sintrum fan heechweardige en ynnovative makyndustry yn Noard-Nederlân. Dat diene wy bygelyks mei de kampusûntwikkeling en mei de oansluting by it programma Beethoven troch de partners. Sa is der ûnder oaren úteinset mei meardere opliedings, dy't passe yn it High Tech profyl fan Smellingerlân.

Tsjinstferliening

Yn 2025 hat de gemeente de tsjinstferliening fierder ferbettere. Sa koene ynwenners en ûndernimmers better, flugger en ienfâldiger holpen wurde. Kontakt mei de gemeente ferrint soepel fia de baly, de telefoan en digitale kanalen. Basissaken lykas paspoarten, ferhuzings en registraasjes binne betrouber en sûnder fersteurings útfierd. Konkrete foarbylden fan resultaten binne: it digi-tagonklik meitsjen fan ús webside en it fêststellen fan de partisipaasjefisy.

Op it mêd fan feiligens is de gearwurking mei partners fersterke. Ynwenners fernimme soks troch doelberet omtinken foar oerlêstlokaasjes en in goed tarette oanpak by ynsidinten en krisissen. Finansjeel is de gemeente better by steat om foarút te sjen en keuzes te meitsjen. De gemeenteried waard better fasilitearre by it meitsjen fan ôfwagings oer de takomst. Soks draacht by oan in stabyl en foarsisber belied.

Underweis nei in resultaat:
Wy hawwe lykwols net alle doelstellings folslein realisearje kinnen. We beneame koart de wichtichste ûnderwerpen wêrby’t it oars rûn as by it oanbieden fan de begrutting 2025 tocht waard.

Sosjaal domein

It op ‘e nij besjen fan de gearwurking fan partijen as M.O.S., Carins en gemeente rûnom tagong ta, en útgong út, de soarch. Dat komt om’t bliken docht dat dizze opjefte komplekser is as tocht. Yn 2026 jouwe wy hjir út de startnotysjes wei, projekten en de ûntwikkelings oangeande sterke lokale teams fierder útfiering oan.

Fysyk domein

In oantal gruttere opjeften kostje mear tiid as yn 't foar ynskat wie. De rioelearringsferfanging mei wykferbettering rint om meardere redenen noch net yn it tempo lykas winsklik. By it Romtlik Untwikkelperspektyf (ROP) wie der mear tiid nedich foar it partisipaasjeproses en ûndersyk, en by it fleanfjild wie der mear tiid nedich foar de juridyske saken.

Realisearre finansjeel resultaat
It jier 2025 is finansjeel ôfsletten mei in posityf resultaat fan goed € 8,8 miljoen. Dat positive resultaat leit € 0,7 miljoen heger as yn de begrutting nei wiziging. It saldo fan baten en lêsten (foar ynset fan reserves) komt oer 2025 út op in posityf resultaat fan € 7,4 miljoen. Rekken hâldend mei tafoegings oan en it ûntlûken út reserves komt it resultaat del op € 8,8 miljoen posityf.

Wichtichste ôfwikings neffens de begrutting
It positive resultaat leit € 0,7 miljoen heger as begrutte. Dat komt troch € 16,1 miljoen legere lêsten as begrutte en € 15,4 miljoen minder baten as begrutte. Understeande grafyk lit sjen hoe't dy ôfwikings yn baten en lêsten ferdield binne per ûnderdiel fan de begrutting. Under de grafyk folget in taljochting op de wichtichste ôfwikings.

Sosjaal domein:

De lêsten litte in neidiel fan € 0,7 miljoen sjen. Dat komt benammen troch de hegere lêsten op jeugd fan € 2 miljoen en de hegere útjeften yn de bystân fan € 0,8 miljoen as foarsjoen by de 2e bestjoersrapportaazje. Dy tekoarten wurde lykwols wer dimpt troch ûnderbestegings op oare beliedsmêden, de grutste twa dêrfan it partisipaasjebudzjet (€ 0,8 miljoen) en Carins (€ 0,5 miljoen).

Fysyk domein:

De lêsten fan dit programma litte in foardiel sjen fan € 17,0 miljoen. De wichtichste redenen dêrfoar binne:
·Fertragings yn it projekt Aldegea oan it Wetter (€ 4,0 miljoen)
·legere ôfskriuwingslêsten fan Swimbad De Welle (€ 1,3 miljoen)
·it oerheveljen fan de bydrage oan de trochfytsrûte Drachten – It Hearrenfean, dêr't útfiering ein 2026 / begjin 2027 fan foarsjoen wurdt (€ 1,2 miljoen)
·it trochskowen fan grut ûnderhâld oan de kaden troch kompleksiteit oangeande it eigendom en de typology fan de kaden (€ 2,0 miljoen)
·ekstra lêsten op grûneksploitaasje (2,5 miljoen), troch ekstra winstnimming, lettere oerdracht fan strategyske grûn en ferliesfoarsjenning dy’t no noch net nedich wie

It byld fan de legere lêsten neffens begrutte yn it fysike domein slút oan by in legere ûntlûking út de reserve projekten yn útfiering.

De baten litte in neidiel fan € 0,9 miljoen sjen. Dat komt benammen troch in legere winstnimming by de grûneksploitaasjes fan € 0,8 miljoen en in legere opbringst grûnferkeapen fan € 0,6 miljoen fanwegen fertraging yn de ferkeapen. Dêrtsjinoer binne der foar € 0,5 miljoen mear opbringsten oan leezjes omjouwingsfergunnings as begrutte fanwegen in tal ynsidintele grutte en komplekse fergunningsoanfragen.

Reserves:

De ferskillen foar wat it ûntlûke oan de reserves oanbelanget, wurde benammen feroarsake troch de algemiene reserve en de reserve projekten.

By de ûntlûkings sjogge wy dat dit benammen sit yn it ûnderdiel reserve projekten. Sa wurdt by ûnder oaren Aldegea oan it wetter, trochfytsrûte en grut ûnderhâld kaden minder ûntlutsen (7,2 miljoen), omdat de fuortgong minder hurd rint. De legere ûntlûkings slute oan by it byld fan it fysike domein, dêr't de lêsten leger útfallen binne as begrutte.

Boppesteande jout yn haadlinen sicht op de wichtichste ôfwikings yn baten en lêsten dy't yn dizze jierstikken opnommen binne. De gemeentlike begrutting omfiemet in soad. Dêrom fine jo yn de jierrekken in detaillearre analyze fan de ferskillen per programma. Dêryn binne alle ferskillen grutter as € 50.000 opnommen en taljochte.

Untwikkeling risikoprofyl en finansjele posysje
Neffens de begrutting is it risikoprofyl aktualisearre. Dêrút docht bliken dat wy op grûn fan ús risiko-ynventarisaasje in wat gruttere buffer oanhâlde moatte as earder foarsjoen. Nettsjinsteande dat is ús finansjele posysje op dit stuit foldwaande. De paragraaf wjerstânsfermogen lit sjen dat wy útkomme op in wjerstânsratio fan 3,69, wat noch altyd treflik is. De solvabiliteit is per jier ultimo positiver as foarsjoen en komt út op 28% yn stee fan 19%. Ek de netto skuldkwote komt mei 68% (yn stee fan 101%) positiver út as foarsjoen. Wichtichste oarsaak fan dy ferbettering is dat ús resultaat positiver is as ferwachte, wy minder ûntlutsen hawwe oan de reserves (trochdat guon ynvestearrings minder gau realisearre wurde kinne), en dat wy dêrom minder hoegden te lienen oer 2025 as begrutte.

Dat ús finansjele posysje op dit stuit foldwaande is, moat lykwols wol yn perspektyf set wurde mei ús mearjierrige (ynvestearrings)ambysjes. Dêr docht út bliken dat wy mearjierrich noch keuzes meitsje moatte om ús begrutting slutend te krijen en dat ús solvabiliteit en netto skuldkwote har negatyf ûntwikkelje sille.

Rjochtmjittigens
Mei de jierstikken leit it kolleezje ferantwurding ôf oer de rjochtmjittigens. Neffens 2024 geane de ûnrjochtmjittichheden omleech (fan € 13,6 miljoen nei € 8,1 miljoen), mar de konstatearre ûnrjochtmjittichheden lizze boppe de nije (legere) ferantwurdingsgrins fan 2 persint. Yn it jier 2026 wurdt der hieltyd trochwurke oan it ferminderjen fan de ûnrjochtmjittichheden, ûnder mear troch it projekt rjochtmjittigens.

Ofsluting kolleezjeperioade
Dit binne de lêste jierstikken fan ús kolleezjeperioade. Yn dy perioade is it finansjeel ynsjoch op in soad mêden fersterke en is nettsjinsteande it treffen fan in oanmerklike bestimmingsreserve foar it sintrum ús algemiene reserve omheech gien. Nettsjinsteande dizze ûntwikkeling sil der de kommende tiid goed sjoen wurde moatte hokker keuzes fanneden binne om ta in slutende mearjierrebegrutting te kommen.

Foar mear detail op alle aspekten fan dizze bestjoerlike haadline ferwize wy nei de folsleine útwurking fan de jierstikken. Dy jouwe ynsjoch yn it totaal fan de resultaten dy’t behelle binne en yn de mjitte wêryn’t wy deryn slagge binne ús ynhâldlike ambysjes te ferbinen oan in finansjeel ferantwurde en duorsum belied.

Drachten, 16 juny 2026

Boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân,


sekretaris                           boargemaster

Siebren van der Berg        Fred Veenstra